Fragen PVV oer glêzen hûs

3FM Serious Request, Grins 2009 © Omrop Fryslân, Jaap Elzes
De fraksje fan de PVV yn provinsjale steaten is fernuvere oer in finansjele bydrage fan de provinsje oan it glêzen hûs fan radiostjoerder 3FM. Fan 'e wike makke de gemeente Ljouwert bekend dat se it glêzen hûs nei Ljouwert ta helje wolle.
De jierlikse goeie-doeleaksje fan 3FM soe in soad publisiteit opsmite kinne foar de stêd en neffens de gemeente soe it goed wêze foar de Ljouwerter middenstân. Dêr moat lykwols wol 175.000 euro foar betelle wurde en neffens de gemeente sil de provinsje der foar in part foar opdraaie.
De PVV wol witte fan deputearre steaten oft dat echt sa is en wat dan krekt tasein is. De PVV seit wol foarstanner te wêzen fan de komst fan it glêzen hûs.