B&W wol behâld skoalle Aldwâld

01 des 2005 - 09:57

Boargemaster en wethâlders fan Kollumerlân geane net akkoart mei de sluting fan de iepenbiere skoalle yn Aldwâld. De skoalle moat ticht omdat it takomstperspektyf net goed wêze soe. Neffens boargemaster en wethâlders fan Kollumerlân is dat net wier, sjoen de 50 oant 80 wenten dy't de kommende tiid yn Aldwâld en de omlizzende doarpen boud wurde.

B en W sille meikoarten om 'e tafel mei de oerkoepeljende organisaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)