Nij gers yn Abe Lenstrastadion

© Omrop Fryslân
It Abe Lenstrastadion op it Hearrenfean krijt dizze wike in nije gersmatte. Woansdei wurdt de âlde matte mei mar amper gers derút helle. Dat betsjut dat der in laachje fan twa sentimeter ôfskaafd wurdt.
Oanslutend komt der ien sentimeter grou sân op. Sadree't it fjild wer flak makke is, wurdt der in nije matte oanbrocht fan trije-en-in-heale sentimeter. Oan de ein fan 'e wike moat alles klear wêze.