Sinnema nije trener ONT

© Omrop Fryslân
De 47-jierrige Wieger Sinnema út Snits wurdt mei yngong fan takom seizoen haadtrener by fuotbalferiening ONT út De Pein. Hy is de opfolger fan Dick Sangers, dy't nei trije seizoenen by ONT wei giet. Sinnema hat syn spoaren yn it fuotbaljen fertsjinne as spiler fan ONS en Snits.
As trener wie Sinnema ûnder oare aktyf by Makkum, Oerterp, Emmeloord en de Westerein.