Karrillon Drachten mooglik fuort

30 nov 2005 - 10:30

It karrillon yn it sintrum fan Drachten moat mooglik plak meitsje foar it op'e nij útgrave fan de Drachtsterfeart lâns it Moleneind. De gemeente is fan doel in stik fan de feart út de djipjen om sa it sintrum wêr berikber te meitsjen foar boatsjes.

It giet om in stik fan goed ien kilometer lang mei in djipgong fan 1 meter 80. Oer de feart komt in fiadukt en fjouwer brêgen. Yn 2007 moat mei de wurksemheden úteinset wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)