'Wetterskip sil sneller yngripe'

29 nov 2005 - 21:22

Wetterskip Fryslân sil yn de takomst better en sneller yngripe by in grutte wetterfersmoarging yn kwetsbere natoergebieten. Dat stiet yn in brief dy't it wetterskip skreaun hat oan it Fryske Gea. It wetterskip jout ta dat der in ynskattingsflater makke is by de fersmoarging yn de Linde yn septimber. It Fryske Gea beheart de natoergebieten yn de Lindevallei by Wolvegea en fûn dat der net genôch dien wie oan de fersmoarging yn it gebiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)