Skea gemeentehûs troch lilke man

© Omrop Fryslân
In lilke ynwenner fan Sint Anne hat in gaos oanrjochte yn it gemeentehûs fan it Bilt. De man (44) kaam freed by sosjale saken foar bysûndere bystân, mar hie dêr gjin rjocht op. Jûns smiet er in stien troch in rút en helle dêrnei de folsleine ôfdieling Sosjale Saken oer de kop.
It Bilt oerwaget noch om de man de tagong ta it gemeentehûs te wegerjen. Dat barde twa wiken lyn wol mei in oare ynwenner fan de gemeente.