Cambuur ferliest fan Stormvogels
Cambuur Ljouwert hat moandeitejûn de útwedstryd tsjin Stormvogels/Telstar ferlern. Yn Velzen waard it 1-0. It iennichste doelpunt fan de wedstryd waard makke troch Van Wijk, yn de 72ste minút. Cambuur-keeper Van der Vlag wist syn goal fierder skjin te hâlden.
De skiedsrjochter joech twa giele kaarten oan spilers fan Stormvogels/Telstar: Van Es en Van Wijk. In dikke 1.200 minsken ha de wedstriid sjoen.
Trefwurden:
argyf