Sel easke foar brânstifting

28 nov 2005 - 23:09

Tsjin in ynwenner (19) fan Nijewier is 2,5 jier sel easke, omdat er brân makke hat by it bedriuw Holland Crop yn Easternijtsjerk. De brân soarge foar in miljoenenskea, 26 minsken rekken har baan dertroch kwyt.

De fertochte siet nei syn bekentenis fiif wiken fêst. Flak dêrnei gie er wer yn de fout, hy bruts yn. By beide fergripen hie er tefolle dronken. Justysje wol dat de jonge behannele wurdt foar syn drankprobleem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)