Better planne: mear operaasjes

© Omrop Fryslân
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten kin troch effisjinter wurkjen 800 minsken yn it jier mear opereare. Troch in automatisearingprogramma en bettere planning is mear romte ûntstien foar operaasjes. Dêrtroch rinne wachtlisten werom en kin goedkeaper opereard wurde.
De effisjintere wurkwize waard moandei presintearre op de 'Sneller Beter Dag'. Dat is in lanlik projekt foar sikehûzen wêrby't it rap helpen fan minsken sintraal stiet.