Grut koar iepenet provinsjehûs

17 mrt 2012 - 11:56

Om it nije provinsjehûs yn Ljouwert offisjeel te iepenjen komme op 22 maaie yn totaal 2040 Friezen by elkoar op de Twabaksmerk. Se foarmje meielkoar ien fan de grutste koaren dy't oait optreden hat yn Fryslân, want se sille de iepening al sjongend ferrjochtsje.

De provinsje hat in pear wiken lyn in oprop dien oan alle koaren yn Fryslân om minsken te leverjen en dêr is massaal op reagearre.

Trefwurden: 
provinsjehûs koar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)