Tafersjoch by ekstra keapjûnen

© Omrop Fryslân
By de ekstra keapjûnen, dy't kommende tiid yn it sintrum fan Ljouwert hâlden wurde, wurdt ekstra tafersjoch hâlden. It giet dan benammen om it gebiet om de Mercuriusfontein hinne.
Ut in enkête ûnder ûndernimmers docht bliken dat klanten har dêr net altyd feilich fiele. Dêrom wurde partikuliere befeiligers ynset en surveilleare plysje en stedswachten ek faker. It tafersjoch is in ynisjatyf fan ûnder oare ûndernimmersferiening LEON.