Mear treinen Ljouwert-Grins

28 nov 2005 - 14:58

Tusken Ljouwert en Grins ride tenei twa kear safolle sneltreinen as no. Dat stiet yn de nije tsjinstregeling fan ferfiersbedriuw Noordned, dy't op 11 desimber yngiet. Fan moarns kertier oer sânen oant jûns kertier oer sânen rydt alle oeren in sneltrein.

Nij is ek dat de trein nei Harns tenei altyd trochrydt nei de haven. Earder kamen reizgers dy't mei de boat moasten yn de problemen omdat de trein net fierder gie as it stasjon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)