Boartersbosk op Skiermûntseach

© Omrop Fryslân
Op Skiermûntseach is ôfrûne wykein it natuerlik boartersbosk 'Hazenweitje' iepene. Boargemaster Swart en behearder Otto Overdijk fan Natuurmonumenten namen de iepening foar har rekken.
It boartersbosk is in inisjatyf fan trije eilânbewenners. It is oanlein op in iepen plak yn de bosk, net fier fan rekreaasjeterrein De Berkenplas. De boarterstastellen binne makke fan natuerlike materialen.