Man stoarn nei slachierblieding

© Omrop Fryslân
Yn Wolvegea is sneontenacht in man stoarn op strjitte, oan in slachierblieding. De man wie in kafee oan de Van Harenstraat útset om't er him ferfelend gedroech. Bûten sloech er in rút fan it kafee yn. Nei alle gedachten hat er dêrby syn pols iepenhelle en in soad bloed ferlern.
De man is noch nei de Kerkstraat rûn, wêr't er troch foarbygongers fûn is. Ambulânsepersoneel hat besocht him te rêden, mar hy stoar yn it sikehûs.