Winkels Kral wer iepen

28 nov 2005 - 10:42

De festigings fan de fallite fotowinkelketen Kral yn it noarden geane tongersdei wer iepen. De kommende tiid wurdt in nije formule betocht foar de winkels. KPN Telecom, de nije eigner fan de keten, hat dat bekendmakke.

Kral gie in pear wike lyn fallyt, mei in skuld fan tsien miljoen euro. Kral hie 104 festigings yn Nederlân, dêrfan geane der 60 wer iepen. It giet ûnder oare om de festigings yn Ljouwert, Drachten, Snits en op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)