Ferfelende passazjiers oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn betiid yn Drachten trije manlju oanhâlden. De manlju wiene mei in groepke nei it stappen yn in ferkeard taksybuske stapt. Doe't de sjauffeur omkearde om de goeie passazjiers op te heljen, begûn it groepke lestich te dwaan.
Se woenen it buske net út om te wachtsjen op it goeie taksybuske. De plysje moast der oan te pas komme en dy sette de plysjehûn yn. Fan de groep binne trije manlju oanhâlden.