Sukses foar Fryske judoka's

27 nov 2005 - 17:03

Twa Fryske judoka's ha sneon in medalje helle by it Nederlânsk kampioenskip judo yn Rotterdam. Yn de kategory oant 48 kilo wûn Aicha El Jaddoulli út Drachten it brûns. De titel wie foar de noch mar krekt 14-jierrige Maureen Groefsema fan Heiloo.

Miranda Wolfslag út Ljouwert kaam ek op it poadium. Sy waard ek tredde, yn de kategory oant 52 kilo. Yn har kategory wûn Richardson.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)