Stânbyld foar Wim Duisenberg

27 nov 2005 - 14:03

Op it Hearrenfean komt in stânbyld foar Wim Duisenberg. Hearrenfean is it berteplak fan de âld-presidint fan de Europese Centrale Bank. Duisenberg ferstoar yn augustus fan dit jier.

It stânbyld is fan brûns en krijt in plakje yn it sintrum fan it Hearrenfean. De pleatslike Rabobank finansiert it byld. Duisenberg wie by dy bank in tyd kommissaris. Makelder Popma fan Ljouwert is de inisjatyfnimmer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)