Messen ynnaam by fûllear-aksje

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtenacht by in previntyf-fûllear-aksje yn de binnenstêd fan Ljouwert 4 messen, in skroevedraaier en in ketting yn beslach nommen. Ien persoan hie in pvc-pipe mei skroeven by him. Ek dy waard yn beslach nommen.
Mei elkoar waarden 140 minsken fûlleard. De plysje ûndersocht olve auto's op wapens en munysje. In 44-jierrige Ljouwerter waard oanholden om't er lêstich wie.