Fallissemint Enna tichtbij

26 nov 2005 - 17:23

De meiwurkers fan spuitbussefabryk Enna Aerosols yn Dokkum sille nije wike it fallissemint fan it bedriuw oanfreegje. De 100 wurknimmers stappe nei de rjochtbank, omdat harren salaris oer novimber net útbetelle is.

Neffens fakbûnen CNV en FNV is it mismanagement fan eigner Andreas Trost de wichtichste oarsaak fan 'e finansjele problemen. Trost woe freed sels gjin kommentaar jaan op de stap fan fakbûnen en wurknimmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)