Tankauto út sleat takele

26 nov 2005 - 12:56

In bergingsbedriuw hat freedtemiddei de kantele tankauto by Bears wer oerein setten. De tankauto mei floeiber stikstof rekke tongersdei fan 'e dyk en bedarre yn in sleat. Dêrby rûn de stikstof yn 'e sleat. Pogings om de wein út 'e sleat te heljen slaggen net.

De bergers ha freed sân njonken de dyk stoarten en hjir rydplaten oerhinne lein, sadat de wein better berikber is. Twa kranen sille de tankwein optille en wer op de dyk sette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)