Sûkerbiten minder wurdich

25 nov 2005 - 18:06

Fryske bouboeren krije 350 euro minder foar in bunder sûkerbiten troch it nije Europeeske bitebelied. De lânbouministers fan'e EU hawwe dêr in akkoart oer sletten om sa de wrâldmerk iepen te stellen foar sûkertylders út bygelyks Brasilië en Argentinië.

Gefolch is dat de boeren in tredde minder foar sûkerbiten krije as no it gefal is. Foar de Fryske bouboeren kinne de ferliezen sa oprinne oant tsientûzenen euro's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)