Skatebaan Bûtenpost stiet faai

© Omrop Fryslân
De oanlis fan in skatebaan njonken swimbad de Kûpe yn Bûtenpost stiet op losse skroeven, omdat buertbewenners der op tsjin binne. Der binne tsientallen beswieren binnenkaam. It kolleezje fan B en W beriedt him ynkoarten op de sitewaasje.
De gemeente woe earder ek al in skatebaan ha yn Surhústerfean, mar dêr wiene omwenners fan alle lokaasjes dy't de gemeente oendroech der ek op tsjin.