Berne-opfang Oranjewâld bliuwt

25 nov 2005 - 14:43

De berne-opfang yn Oranjewâld kin de kommende jierren sitte bliuwe yn it ynformaasjesintrum Skoatterwâld. De berne-opfang sil, as alles neffens ferwachting ferrint, binnen fjouwer jier ûnderbrocht wurde yn it nij te bouwen multifunksjoneel sintrum Skoatterwâld.

De takomst fan 'e opfang is fleurich omdat de wyk Skoatterwâld noch hieltyd groeit. Der binne op it stuit sels grutte wachtlisten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)