SAR Ljouwert aktyf op Texel

25 nov 2005 - 09:19

De fleanbasis Ljouwert fersoarget oant freed 2 desimber it nachtlike spoedeaskjende pasjinteferfier fan Texel. De SAR helikopters wurde hjir foar ynsetten.

Yn ferbân mei wurksemheden oan de haven op Texel kin der tusken jûns tsien oere en moarns seis oere gjin ekstra boat farre fan it eilân nei de fêste wâl. Dit betsjut dat der yn dat tiidrek gjin berop dien wurde kin op de ambulânse- tsjinst op it eilân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)