Man rydt wachtsjende minsken oan

24 nov 2005 - 17:36

Yn Boalsert is tiisdei in 62-jierrige man út de stêd syn rydbewiis kwytrekke. De man hie tefolle dronken en wie doe yn syn auto stapt. Hy ried op it Plein 1455 dwerstroch in groep heiten en memmen hinne, dy't by in skoalle op har bern stiene te wachtsjen.

Ien fan de minsken waard oer de foet riden. Yn oerlis mei it iepenbier ministearje waard besletten it rydbewiis fan de man yn beslach te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)