Hierhûs: doarpsgenoat giet foar

24 nov 2005 - 17:27

Koarnjumers en Jelsumers kinne mei foarrang in hûs hiere yn it eigen doarp. Dat hawwe de gemeente Ljouwerteradiel en it Woonbedrijf mei elkoar ôfpraat.

Beide doarpen meie net nijbouwe, om't se te ticht by de Fleanbasis Ljouwert lizze. Dat hat as gefolch dat starters dreech oan in wente komme kinne. De foarrangsregeling foar de ynwenners fan Koarnjum en Jelsum jildt earst foar twa jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)