Undersyk steuring spoarbrêge

© Omrop Fryslân
ProRail ûndersiket de steuring yn de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert. Dêrtroch wie woansdeitenacht in skoftlang gjin treinferkear mooglik. It kin gean om in technyske fout, mar de steuring kin ek in mechanyske oarsaak hawwe.
Hoelang't ProRail-meiwurkers dwaande binne mei it ûndersyk is ûnbekend. It ûndersyk hat gjin gefolgen foar it treinferkear oer de brêge.