Skearnegoutum krijt nij MFS

17 mrt 2012 - 10:17

Nei tsien jier fan striid leit der einliks in definityf plan foar in nij multyfunksjoneel sintrum yn Skearnegoutum. It nije gebou mei dêryn in doarpshûs en in skoalle komt op it plak fan de hjoeddeiske skoalle. Foar dat plak is no úteinliks keazen neidat oare lokaasjes ôffallen wiene troch de hege kosten.

It nije sintrum moat goed trije miljoen euro kostje. Yn maaie moat de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân noch in beslút nimme oer de nijbou. As dat posityf is sil it nije sintrum mei de krystdagen fan 2013 yn gebrûk nommen wurde.

Trefwurden: 
Skearnegoutum MFS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)