'Goedmakkerke' yn Frjentsjer

24 nov 2005 - 11:49

Op keapjûnen foar Sinteklaas en Kryst kinne autobestjoerders yn Frjentsjer fergees parkeare. De gemeente Frjentjersteradiel en de ûndernimmersferiening hawwe dêrta besletten, omdat it wurk oan de diken yn it sintrum langer duorret as de bedoeling wie. De winkels binne dêrom minder maklik te berikken.

Mei-elkoar giet it om njoggen keapjûnen dêr't net op betelle hoecht te wurden foar it parkearen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)