Frisia mei gjin lieding oanlizze

© Omrop Fryslân
Sâltfabryk Frisia kin foarearst net mear trochgean mei it oanlizzen fan sâltliedings nei nije winputten by Easterbierrum en Tsjummearum. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert sein.
Troch in beslút fan de Ryksoerheid waarden de lâneigners twongen om mei te wurkjen oan it lizzen fan de liedingen. Dat beslút jildt no net mear. Foar moandei moatte alle masines en liedings fan it lân helle wêze.