IIswegesintrale ûnbekend

24 nov 2005 - 10:48

De iiswegesintrale Idaarderadiel giet dit jier net by de doarren del mei iiswegesintralekaartsjes. Omdat der de ôfrûne jierren hast gjin aktiviteiten op it iis west hawwe, binne in soad minsken net bekend mei it wurk fan de iiswegesintrale. Gefolch is dat se faak ek gjin kaartsje keapje wolle, dêr't dat wurk mei betelle wurdt. De sintrale sprekt no de reserves oan, want der is wol jild nedich foar bygelyks ôfskriuwings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)