Undersyk nei piercings

© Omrop Fryslân
Twa Grinzer studinten binne op syk nei Friezen mei in piercing. Se wolle ûndersykje wat de gefolgen fan piercings binne. Dat dogge se yn Grins en Ljouwert. Se ha dêrfoar minsken tusken de 18 en 26 jier nedich dy't in piercing ha yn de tonge, lippe of it kin.
Ut Amerikaanske ûndersiken docht bliken dat piercings skealik binne foar de tosken en it toskfleis. Yn ús lân is der noch gjin ûndersyk dien.