Poging ta moard troch Kollumers

© Omrop Fryslân
De twa manlju dy't sneintejûn mei in protte geweld troch in arrestaasjeteam fan de plysje yn Kollum oanholden binne, wurde fertocht fan poging ta moard. Dat hat de plysje fan Grins bekendmakke. De fertochten binne 36 en 48 jier en komme út Kollum.
De beide manlju hawwe koartlyn yn Mearum yn Grinslân op de eigner fan in eskortburo sketten. Neffens de plysje fan Grinslân hawwe de manlju gerjocht sketten op it hûs fan de man.