Flyers winne mei grutte sifers

24 nov 2005 - 10:05

IIshockeyklub Vadeko Flyers fan It Hearrenfean hat tiisdeitejûn yn Den Haag mei 8-1 wûn fan de Duindam Wolves. De perioadestannen wiene 0-3, 0-3 en 1-2. De bruorren Butochnov wiene wichtich foar de Flyers: Anton makke trije goals en broer Andriy skoarde twa kear. Kevin Bruijsten, Jacco Landman en Petr Kratky makken de oare goals.

De Flyers bliuwe troch de oerwinning koprinner yn de bekerkompetysje mei santjin punten út seis wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)