Yllegale keten Dongeradiel fuort

© Omrop Fryslân
De yllegale keten en jeugdkaravans yn de gemeente Dongeradiel moatte ferdwine. Dat is in foarstel fan B&W fan dy gemeente. De yllegale moetingsplakken fan de jeugd soene ferfong wurde moatte troch legale plakken, dy't troch de gemeente kontrolearre wurde.
As de gemeenterie akkoart giet, wurdt der aanst net mear as ien keet yn in doarp tastien. Wol de jeugd net om lyk, dan wurdt de plysje ynskeakele.