Twa Kollumers oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintejûn twa ynwenners fan Kollum mei grut machtsfertoan oppakt. It giet om twa manlju fan 48 en 36 jier dy't fertocht wurde fan bedriging fan minsken yn Grinslân. Mear wol de plysje Grins, dy't de saak yn ûndersyk hat, net sizze.
De plysje pakte de manlju mei in swier bewapene arrestaasjeteam op, omdat de Kollumers bekend stean as fjoerwapengefaarlik.