Twifels oer anonimiteit enkête

© Omrop Fryslân
Ferskate minsken ha twifels oer de anonimiteit fan de sûnensenkête fan de GGD. De sûnenstjinst hat dêr telefoantsjes oer krigen. Guon krigen in werinneringsbrief. Minsken dy't de enkête ynfuld hawwe, krigen dy net.
Neffens de GGD hat elk adres allinnich in unyk nûmer krigen. By it binnenkommen fan in formulier wurdt de slúf mei it nûmer fuortsmiten. Dêrnei kin net mear sjoen wurde wa't de antwurden jûn hat.