Jierlikse fjoerwurkkampanje los

23 nov 2005 - 09:00

Op de Vensterskoalle yn Noardwâlde is it startskot jûn foar de jierlikse fjoerwurkkampanje. Die wurdt organisearre troch buro Halt, de plysje Fryslân en de brânwacht Fryslân.

Buro Halt besiket dit jier tritich skoallen om dêr foarljochting te jaan oer it gebrûk fan fjoerwurk en de gefaren derfan. Boppedat wurdt ferteld wat de konsekwinsjes binne as jeugd harren net oan de regels hâldt. Foar 29 desimber mei der net knald wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)