Ridende rjochter yn Stynsgea

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen stiet no snein foar de ridende rjochter. De bekende televyzjerjochter Frank Visser docht dan útspraak oer in konflikt tusken in ynwenner fan Stynsgea en de gemeente. Dy binne it net iens oer it plak fan in lantearnepeal, foar de oan te lizzen útrit fan de man.
De gemeente soe neffens him de kosten foar it ferpleatsen betelje moatte. De opnamen foar de ridende rjochter binne earder dit jier al makke.