Liemburg kin boargemaster bliuwe

22 nov 2005 - 12:23

Johanneke Liemburg (53) kin ek de kommende seis jier boargemaster fan Littenseradiel bliuwe. Dat hat de gemeenteried moandei unanym sein.

Liemburg is yn 2000 beneamd as earste boarger fan Littenseradiel. Op 1 april takom jier rint har earste perioade fan seis jier ôf. De gemeenteried is tefreden oer it funksjonearjen fan de boargemaster, sa waard moandei dúdlik doe't in foarstel fan in spesjale werbeneamingskommisje besprutsen waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)