Skuorren yn stasjonsbrêge

© Omrop Fryslân
Der sitte skuorren yn de metalen lizzers fan de stasjonsbrêge yn Frjentsjer. Der moat dêrom binnen trije wiken in needreparaasje útfierd wurde oan de brêge oer it Van Harinxmakanaal.
Der is noch gjin gefaar foar it ferkear, sa seit de provinsje. As der neat dien wurde soe, driget dat wol. De reparaasjewurksumheden stean pland foar 15 en 16 desimber. Beide dagen kinne der gjin skippen troch de brêge. Mooglik giet dy jûns wol in kear iepen.