Fryske whisky al hast útferkocht

© Omrop Fryslân
De Fryske whisky dy't bierbrouwerij Us Heit yn Boalsert trije wiken lyn op 'e merk brocht, is hast al wer útferkocht. Fan de 10.000 liter dy't makke is, is al mear as de helte ferkocht en de brouwerij kin de fraach lang net oan. Ek oanfragen om de flesse whisky yn krystpakketten te leverjen, moast de brouwerij ôfwize.
Us Heit sil de produksje no ferdûbelje nei 20.000 liter whisky yn it jier. Lanlik is de ferkeap yntusken stillein.