Hearrenfean wint fan Sparta

21 nov 2005 - 15:43

Hearrenfean spile sneintemiddei yn Rotterdam tsjin Sparta. Yn in net al te bêste wedstriid wûnen de Feansters mei 2-1. Fernando Derveld en Klaas Jan Huntelaar wienen de doelpuntemakkers foar Hearrenfean.

It wie foar Derveld syn earste doelpunt foar Hearrenfean. Klaas Jan Huntelaar makke yn dizze kompetysje al tsien doelpunten. No tongersdei spilet Hearrenfean yn en tsjin Marseille foar de UEFA-cup.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)