5 jier sel easke dea Snitser

16 mrt 2012 - 22:07

Fiif jier sel en tbs mei betingst. Dat is de eask tsjin de 30-jierrige haadfertochte yn de saak fan de dea fan in 46-jierrige Snitser. It slachtoffer waard yn febrewaris 2011 dea fûn yn in wenning op It Hearrenfean. Hy wie mei geweld om it libben brocht.

De haadfertochte wie op it momint fan de deaslach ûnder ynfloed fan alkohol. Hy wurdt derfan fertocht it slachtoffer sa slim slein en skopt te hawwen dat de dea derop folge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)