Inisjatyf Friezen yn Wursten (D)

© Omrop Fryslân
Ynteressearren yn de Fryske taal en kultuer yn gebiet Wursten, tusken Bremerhaven en Cuxhaven yn Dútslân, komme mei inisjativen om de Fryske kultuer yn har regio yn stân te hâlden.
Sa ha se in tsien-punteplan opsteld. Der moat yn it plak Misselwarden in soarte fan stamtafel komme foar alle ynteressearren yn de Fryske taal en kultuer. De inisjatyfnimmers wolle ek mear gearwurkje mei oare Fryske gebieten en ferienings.