NHL keart moslimstudinten net

21 nov 2005 - 13:51

De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert, NHL, sil moslimstudinten dy't gemy studearje wolle, net keare. De NHL komt mei dit stânpunt nei oanlieding fan de arrestaasje fan terreur-fertochte Samir A. Dy siet op de hegeskoalle yn Leiden, dêr't er gemy studearre.

Gemy is in oplieding wêrmei't je bommen meitsje kinne soene. De NHL is fan miening dat elk op skoalle wolkom is. Samir A. is troch de Leidske hegeskoalle foar in jier skorst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)