Sven Kramer rydt wrâldrekord

© Omrop Fryslân
Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat is de nije hâlder fan it wrâldrekord op de fiif kilometer. By de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City yn Amerika ferbettere hij it âlde rekord fan de Amerikaan Chad Hedrick. Sven Kramer ried mei 6.08,78 hast in sekonde ûnder dy tiid fan Hedrick, fan 6.09,68.
Kramer hie yn syn rit in soad oan syn tsjinstanner Carl Verheijen, dy't oant de lêste ronde oan de lieding gong.