Dit jier mear deaden yn ferkear

21 nov 2005 - 09:59

Dit jier binne der mear deaden fallen yn it Fryske ferkear as ferline jier. It giet om 39 slachtoffers wylst it jier noch net foarby is. Dat is ien mear as yn it hiele jier 2004. Snein wiene der yn it hiele lân betinkingen fan ferkearsslachtoffers.

Ek yn Oentsjerk kamen neibesteanden en minsken dy't swier ferwûne rekke binne yn it ferkear, by inoar om te praten oer ûnderfinings. Der binne trije nije ferienings oprjochte foar lotgenoaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)